Skoalreis Comenius giet oer

© Omrop Fryslân
De 4-Havo learlingen fan de kristlike skoallemienskip Comenius yn Ljouwert sille takom wike net op reis nei London.
De skoallieding makket har soargen oer mooglike terroristyske oanslaggen, no't Grut Brittanje ek belutsen is by de ferjildingsaksje tsjin Afghanistan. De learlingen soene oars takom moandei fuort. De skoalbern ha begryp foar it beslút en de âlden binne bliid.