Atsma yn fraksjebestjoer CDA

09 okt 2001 - 00:00

Joop Atsma is lid wurden fan it fraksjebestjoer fan syn partij, it CDA. De Surhústerfeanster is al Twadde-Keamerlid foar dy partij. Nei't fraksjelieder De Hoop Scheffer twa wiken lyn opstap- te, moast der in nij bestjoer komme.

Neist de Fries sitte Maria Verhoeven, Cees van der Knaap en Maxime Verhagen yn it bestjoer. Jan Peter Balkenende sil de fraksje liede.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)