Handikapteprojekt súksesfol
In Frysk projekt foar handikaptesoarch is tige súksesfol. Sa súksesfol dat it lanlik neifolging krijt. Dat hat steatssiktaris Vliegenthart fan Wolwêzen moandei sein.
It efterlizzende idee by it projekt is dat ynstellings mei swier handikapten mear jild krije as guon mei minder swier handikapten. It projekt draaide yn Fryslân as in proef.