Imam kart oanfallen ôf

© Omrop Fryslân
Imam Onlü fan de Turkse moskee yn Ljouwert is ferrast en teloarsteld oer de Amerikaansk-Britse oanfal op doelen yn Afghanistan. Neffens Onlü is dit net de goeie wize om de terreuroanslaggen fan 11 septimber yn de VS te wreken.
Geweld antwurdzje mei geweld moat ôfkard wurde, sa seit de imam. Boppedat is Onlü benaud dat terroristen wer reagearje sille op de bombardeminten.