Previntive twangsom danceparty

08 okt 2001 - 00:00

De gemeente It Hearrenfean hat in previntive twangsom fêststeld foar de organisaasje fan de danceparty dy't oer fjirtjin dagen yn iisstadion Thialf holden wurdt.

Mocht it feest oer de lûdsnoarm hinne gean, dan wurdt in twangsom fan 5000 gûne oplein. Meielkoar kin op syn meast foar 40.000 gûne straft wurde. De danceparty is fan 20 op 21 oktober.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)