Heal jier sel fanwege ûngelok

Justysje © Omrop Fryslân
In healjier sel foar in Dokkumer (21), dy't ferline jier yn syn wenplak belutsen wie by in deadlik ûngelok. Ek mei er twa jier net autoride. De Dokkumer helle yn febrewaris 2011 in auto yn op de Dokkumer rûnwei en botste dêrby frontaal op de auto fan in frou, dy't fan de oare kant kaam.
It slachtoffer (60) ferstoar op it plak fan it ûngelok, de dieder rekke net ferwûne. Fan syn finzenisstraf is twa moanne ûnder betingst, mei in proeftiid fan twa jier.