Nederlân is wach nei de oanfal

© Omrop Fryslân
De Nederlânske plysje is nei it begjin fan de oanfal fan de FS op Afghanistan ekstra wach. Lanlik binne der de ôfrûne tiid tariedingen troffen. Amerikaanske doelen yn Nederlân wurde ekstra befeilige.
De plysje op strjitte is ek ekstra alert. Foar de BVD is de oanfal net in ekstra reden om fierdere maatregels te nimmen. Dat is nei de terreur al dien.