Goed wurk fan Tinga op Hawaii
Tiedo Tinga fan De Lemmer is de twadde bêste Nederlanner wurden by de swierste triatlon op de wrâld. De saneamde Ironman op Hawaii bestiet út in folsleine maraton, 180 kilometer fytse en 3,8 kilometer swimme.
Tinga syn tiid wie 9:57:31. Winner waard de Amerikaan Timothy DeBoom yn in tiid fan 8:31:17. Ferline jier einige er noch as twadde.