Man swaait mei wapen yn Ljouwert

07 okt 2001 - 00:00

In 21-jierrige Ljouwerter is sneon oanhâlden. Hy soe mei in wapen swaaid ha. It wapen wie in luchtdrukwapen dat de man doe't de plysje deroankaam, gau yn de boskjes smiten hie.

De fertochte joech ta dat it wapen fan him wie, mar ûntkende dat er der mei swaaid hie. De man is jûns letter wer yn frijheid steld. Syn wapen is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)