Sedesaak foar rjochter

© Omrop Fryslân
De fjouwer fertochten yn de sedesaak yn de Ljouwerter Seeheldebuert komme op 9 novimber foar de rjochter. Se wurde der fan fertocht dat se tsien bern seksueel misbrûkt hawwe.
De fjouwer minsken waarden yn july oan- holden en sitte sûnt dy tiid fêst. It giet om twa manlju fan 49 en 40 jier en twa froulju fan 43 en 40. Twa oare fertochten wiene earder al frijlitten.