Dútsers oppakt yn Makkum

05 okt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat tongersdei yn Makkum twa jonges fan 17 en 18 jier út Hamburg oanholden. Sy hiene spul krigen mei in pear Nederlanners. Dy ferskûlen har doe yn in kroech en diene de doar op slot.

De Dútsers smieten twa fytsen tsjin de doar fan it kafee, wêrtroch't in rút stikken gie. De plysje hâldt rekken mei noch mear oanhâldings.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)