Opheffing De Tille yn Dokkum

© Omrop Fryslân
De kristlike stichting foar sosjaal kultureel wurk De Tille yn Dokkum is ree himsels op te heffen. De kristlike stichting moat opgean yn in nije orga- nisaasje mei in algemiene grûnslach.
Dêryn moat al it sosjaal-kultureel en jongereinwurk fan Dongeradiel ûnderbrocht wurde. De Tille is yn de jierren 50 oprjochte troch de Dokkumer tsjer- ken. De ynfloed dêrfan is sterk ôfnaam.