Tortillabakkerij yn Arum

04 okt 2001 - 00:00

Der komt in tortillabakkerij yn Arum. It is in inisjatyf fan Willem Rienks, de eardere eigner fan Rienks Koekefabriken. Hy ferkocht syn bakkerij twa jier lyn oan beskút- en koekefabrikant Bolletje, dy't de produksje fan Arum oerhevele nei Almelo.

Rienks Koekefabriken wie benammen bekend fan de orizjinele Fryske reepkoeke dy't hjir makke waard.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)