Keninginne yn Ljouwert

03 okt 2001 - 00:00

Keninginne Beatrix hat woansdei ûnferwacht in besite oan Ljouwert brocht. Har komst stie yn it teken fan de wurkleazensproblematyk. Minister Vermeend fan Sosjale Saken wie by har.

De keninginne hat ûnder mear by it wyksintrum yn Heechterp west. Dêr hat se mei ferskate minsken praten. Ek brocht it selskip in besite oan de kringloopwinkel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)