Nynke ynstjoerd foar Oscar

© Omrop Fryslân
De film Nynke is de Nederlânske ynstjoering foar de Oscars. De film docht mei yn de kategory beste bûtenlânsktalige film.
De seleksjekommisje hat Nynke keazen boppe films as De Grot en Met Grote Blijdschap. Yn febrewaris beslút de organisaasje fan de Oscars oft Nynke in offisjele nominaasje krijt, en meidwaan kin foar de prestisjeuze priis.