Jildkrapte by wetterskippen

03 okt 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

Op it stuit is der jildkrapte by in soad wetterskippen. Oarsaak is in slimme fertraging by it ynbarren fan de wetterskipsbelesting.

De hichte fan in oanslach wurdt bepaald troch de wearde fan it ûnreplik guod. Yn de hertaksaasjes sitte flaters en dêrom kinne de rekkens foar sa'n 10 oant 15 miljoen gûne de doar noch net út. De wetterskippen liene no jild.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)