Oanbefellings earst bestudearje

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân wol in wurkgroep yn it libben roppe om de oanbefellings fan 'e Rie fan Europa oer it Fryske taalbelied te bestudearjen. Yn tsjinstelling ta de Fryske Beweging sjocht deputearre Mulder noch gjin reden om de bestjoersôfspraak mei it ryk iepen te brekken.
De oanbefellings fan de Ried fan Europa wurde foar in part opheind troch de ôfspraken mei it ryk, fynt de provinsje.