Provinsje makket 'risikokaart'

02 okt 2001 - 00:00

De provinsje hat alle 'gefaarlike' bedriuwen fan Fryslân op in saneamde risikokaart set. De kaart is iepenbier en kin troch eltsenien besjoen wurde op 'e webside fan 'e provinsje.

De Fryske risikokaart is de earste fan Nederlân. De kaart is in helpmiddel foar gemeenten en helpferlieners. De kaart is makke nei oanlieding fan 'e ATF-brân en de rampen yn Enschede en Volendam.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)