Mear huzen yn Achtkarspelen

02 okt 2001 - 00:00

De lytse doarpen yn Achtkarspelen krije mear huzen. It Kolleezje wol oan de provinsje freegje oft der 139 ekstra wenningen boud wurde meie. It giet om huzen yn de besteande doarpsgrinzen dy't bedoeld binne foar doarpsbewenners.

Oer de ferdieling oer de doarpen moat noch praat wurde. Yn Bûtenpost en Surhústerfean komme nije wenwiken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)