Titelsong Baas boppe Baas

© Omrop Fryslân
Agnes Sambrink sjongt de titelsong fan de dramasearje Baas boppe Baas. De dochter fan Anneke Douma en sjongeres fan it liet Bûkemantsje hat it nûmer 'It rint sa as it rint' ôfrûne wykein opnommen yn de studio yn Hilversum.
De tekst en muzyk binne fan Sytse Broersma, bassist fan De Kast. De single komt ein oktober út, mar is earder by de Omrop te hearren.