Kosten ôffal Lemsterlân te heech

© Omrop Fryslân
De kosten foar it ôffieren fan ôffal rinne yn de gemeente Lemsterlân te heech op. Ien fan de redenen hjirfoar is dat de ynwenners it net goed skiede. Faak wurdt smoargens yn 'e griene bak smiten dat dêr net yn heart.
De gemeente hâldt de kommende wiken stekproeven om oertrêders op de bon te slingerjen. Fanwege de bewiislêst wurket de plysje hjiroan ek mei.