Jack de Vries stapt ek op

© Omrop Fryslân
Yn neifolging fan syn baas Jaap de Hoop Scheffer leit ek syn persoanlik foarljochter Jack de Vries syn funksje del. De Vries is ôfkomstich fan De Lemmer. Hy wie jierrenlang foarsitter fan 'e CDAjongeren. Letter krige hy by de partij in baan as foarljochter/wurdfierder.
No't De Hoop Scheffer gjin listlûker en fraksjefoarsitter mear is fynt De Vries dat ek hy syn funksje dellizze moat.