Wetterskip wol oare lesteheffing

© Omrop Fryslân
Grûneigners hoege tenei minder lesten te beteljen oan wetterskip Boarn en Klif. It persintaazje fan de kosten dy't grûneigners betelje moatte oan peilbehear, is mei 10 prosint sakke. Eigners fan gebouwen moatte dêrfoaroer hast 10 prosint mear betelje.
Dat stiet yn in konseptrapport wêryn't de belestingen hersjoen wurde. Takom wike nimme de folmachten in beslút.