Negerman Frysk kampioen op 10 km

© Omrop Fryslân
By it Frysk kampioenskip hurdrinnen oer 10 kilometer, gie de Fryske titel sneon yn earste ynstânsje nei Saher Youssef fan It Hearrenfean. It die bliken dat it hjir om in misferstân gong. Fan Erik Negerman waard tocht dat hy yn Amsterdam wenne en dus net foar de titel yn oanmerking kaam. Negerman stiet lykwols noch ynskreaun yn Boalsert en is dus offisjeel wol in Fries.