Berneboek populêr yn Sutelaksje

30 sep 2001 - 00:00
Foto: Omrop Fryslân

De Fryske berneboeken dogge it goed yn de Sutelaksje fan de stifting It Fryske Boek. Dat docht bliken út de ferkeap fan it aksjeboek foar bern: 'Trije protters op in prikje', dat ek in graadmeter en in stimulâns fan de omset is.

By de boeken foar folwûksenen stiet 'De kâlde erfenis' fan Hylke Speerstra noch oan kop, folge troch 'Guozzeroer' fan Rink van der Velde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)