Betinking Slach by Warns
Sneon is wer de Slach by Warns betocht troch sa'n hûndert Frysksinnigen. De Friezen wûnen yn 1345 by Warns in gefjocht tsjin de Hollanners.
Sneon binne der gjin polityk tinte taspraken hâlden. Der waard songen yn ferskate dialekten; dit fanwege it Jier fan de Talen. Sneontejûn is nei de betinking wer it Stinzefeest hâlden, diskear yn it Van Sminiahûs yn Ljouwert.