Keunstpriis foar Dronriper

© Omrop Fryslân
Fotograaf Rob Nijpels fan Dronryp hat freed de Keunstpriis fan it Bibelsk Museum yn Amsterdam wûn. Hy hat 10.000 gûne krigen foar syn trije-lûk 'Visioenen', dat gearstald is út foto's fan 'bûten, binnen en de gedachtewrâld'.
De sjuery wie wiis mei de 'intensiteit fan de ienfâld' dy't út it wurk sprekt. De priis is ynsteld yn 1990. De foto's binne te sjen yn it Bibelsk Museum.