Jeffrey Wammes wint rjochtsaak

06 mrt 2012 - 12:13

Jeffrey Wammes hat fan de rjochtbank yn Zutphen gelyk krigen yn it koart pleit tsjin gymnastykbûn KNGU. De KNGU wie te betiid mei de foardracht fan Epke foar de Olympyske Spelen, sa seit de rjochter. De KNGU droech yn jannewaris net Wammes, mar Epke Zonderland foar.

Wammes luts de rjochtsjildichheid fan dat beslút yn twivel. Neffens Wammes hat hy as iennichste oan alle kwalifikaasje-easken foldien. Hy fynt dat it bûn him net oan de eigen regels hâlden hat.

De útspraak betsjut net dat Jeffrey Wammes no automatysk oanwiisd wurdt foar de Olympyske Spelen yn Londen. De rjochter fynt dat de KNGU pas in foardracht dwaan kin nei ôfrin fan alle kwalifikaasjewedstriden. As Zonderland by gjin fan dy wedstriden foarmbehâld oantoant, soe Wammes nei de Olympyske Spelen gean moatte. As Zonderland wol foarmbehâld sjen lit moat it KNGU in motivearre kar meitsje tusken de twa sporters, sa ornearret de rjochter.

Omdat Wammes gelyk krigen hat fan de rjochter moat de KNGU de proseskosten betelje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)