Drugshannel yn Snits

29 sep 2001 - 00:00

De plysje fan Snits hat by in ynfal yn twa wenten yn de wyk Noorderhoek twa minsken oanhâlden omdat se fertocht wurde fan hannel yn drugs. It giet om in 38-jierrige man en syn 32-jierrige suster.

De plysje hat de ynfal dien nei klachten út de buert. De twa wurde fertocht fan it al jierrenlang út de hûs wei ferhanneljen fan kokaïne en heroïne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)