Cambuur wint mei 4-0 fan Top Oss

29 sep 2001 - 00:00

Cambuur hat freedtejûn mei 4-0 wûn fan Top Oss. De Ljouwerters wiene op alle fronten better as har tsjinstanner. De goals kamen foar it skoft op namme fan Dirk Jan Derksen en Dominique van Dijk.

Nei de rêst skoarden Geert Jelle de Vries en Sandor van der Heide. Johan Abma spile freed de 400e kompetysjewedstriid foar Cambuur. Hy mocht lykwols syn spesjale '400'-shirt net oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)