Hero Werkman ferlit de polityk

© Omrop Fryslân
Hero Werkman fan Sânhuzen komt nei de ferkiezings net wer werom yn 'e ried fan Weststellingwerf. Werkman siet al sûnt 1974 yn 'e ried; earst foar de PvdA letter foar de troch himsels oprjochte Sociaal Demokratische Partij SDP.
Werkman syn grutte triomf wie yn 1994, doe't syn SDP de ferkiezings wûn. Werkman fynt mear as in fearns ieu polityk genôch en lûkt him folslein werom.