Skûtsjemuseum langer iepen

© Omrop Fryslân
It skûtsjemuseum yn Earnewâld hâldt syn doarren in moanne langer iepen. It docht bliken dat besikers noch graach de miniatuermodellen fan de skûtsjes yn De Stripe besjen wolle.
Om't de belangstelling fan it maitiid te lijen hie ûnder de tongblierkrisis hat it bestjoer besletten om langer iepen te bliuwen. Oant no ta ha dit jier al 7000 minsken it museum besocht.