Europa: te min Frysk op skoalle

© Omrop Fryslân
De Rie fan Europa fynt dat Nederlân folle mear omtinken jaan moat oan it Frysk op skoalle. Basisûnderwiis yn Fryslân moat foar in wichtich part yn it Frysk jûn wurde; in oerke Frysk - of noch minder - yn 'e wike kin net, fynt de Rie.
De Rie is fierder fan betinken dat Nederlân mear jild útlûke moat foar radio en televyzje yn it Frysk. It rapport fan 'e Rie oer it Frysk ferskynt nije wike.