Heech wetter yn Fryslân

© Omrop Fryslân
It wetterskip hat it Hooglandgemaal by Starum yn wurking set. Dat is nedich om al it reinwetter ôf te fieren. It wetter stiet 6 sintimeter heger as oars.
Op guon plakken is tongersdei yn oardel oere 44 milimeter fallen. Net oeral reinde it like fûl. Yn Wikel siet der mar in heale milimeter yn de mjitters. Yn septimber is trije kear safolle reinwetter fallen as oars yn dizze moanne.