Tongblierboeren buorkje wer

28 sep 2001 - 00:00

Alle boeren yn Ie en Eanjum dy't troffen binne troch tongblier, wurkje wer. Net ien fan har hat belies jaan moatten. Yn april binne mear as 60 buorkerijen romme. Al dy boeren ha no wer nije feesteapels.

De finansjele ôfwikkeling fan de tongblier giet noch dreech. In tal boeren wachtet noch op skeafergoeding. Sy ha beswier makke tsjin har strafkoarting.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)