Noch te min leden ICT-platfoarm

© Omrop Fryslân
It nije ICT-platfoarm yn NoardeastFryslân komt mar muoisum fan 'e grûn. It platfoarm is 2 july dit jier oprjochte en hat no 35 leden. Dêrby binne ek de dielnimmende gemeenten: Dantumadiel, Kollumerlân, Dongeradiel, Achtkarspelen en Ferwerteradiel.
Der binne ek skoallen lid wurden. It is lykwols benammen bedoeld foar bedriuwen en moat de wurkgelegenheid ferbetterje.