Wurkstraf foar makker firus

© Omrop Fryslân
De 20-jierrige Snitser dy't it Kournikova-kompjûterfirus de wrâld yn holpen hat, is feroardield ta 150 oeren wurkstraf. De eask wie 240 oeren.
De Snitser hat yn febrewaris in saneamd wjirm-firus op ynternet set, dat troch emailberjochten ferspraad wurde koe. Wrâldwiid ha benammen bedriuwen der lêst fan hân. De jonge hie noch net earder mei justysje te dwaan hân.