Hynstefeiling op 'e Jouwer

27 sep 2001 - 00:00

Tongersdei binne op 'e Jouwer 80 Fryske hynders feild. 19 jier lyn wie de earste hynstefeiling. It is yn dy jierren útgroeid ta in nasjonaal en ynternasjonaal barren. De feiling begjint altiten mei in parade, dêr't de hynders oan it publyk toand wurde.

Yn 1970 wiene der noch mar 1000 Fryske hynders, no binne dat der 30.000 oer de hiele wrâld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)