ME-oefening yn de Marnewaard

© Omrop Fryslân
Tongersdei hawwe Fryske ME-ers mei kollega's út Grinslân en Dútslân oan it oefenjen west yn de Willem Lodewijk Kazerne yn de Marnewaard. De Friezen (sa'n 60 man) spilen de rol fan gewelddiedige demonstranten.
De oefening hie as doel om ta in bettere gearwurking te kommen oer de grinzen hinne. Troch de sitewaasje yn 'e wrâld krige de oefening ekstra lading.