Brutsen earm yn roaimasine

© Omrop Fryslân
In jonge (16) út Minnertsgea is woans- dei ferwûne rekke by it jirpelroaien op in stik lân oan de Haitsmaleane yn it doarp. In 47-jierrige Minnertsgeaster hie syn trekker stilset om de masine dêrefter skjindraaie te litten.
De jonge woe noch wat lof út de masine helje en kaam mei syn earm klem te sitten. Hy moast mei in brutsen earm en in brutsen kaak nei it sikehûs.