Fiif nominaasjes foar Nynke
Nynke, de Fryske film fan Pieter Verhoeff, hat 4 nominaasjes krigen foar in Gouden Kalf. It giet om de belangrykste kategoryen: bêste film, bêste rezjy, bêste froulike en manlike haadrol.
De film makket ek kâns op de Grolschfilmpriis. Al 75.000 minsken ha Nynke yn de bioskoop sjoen. Freed wurde de winners bekend makke op it Filmfestival yn Utrecht.