Sieusk taksybedriuw op Flylân

© Omrop Fryslân
It iepenbier ferfier op it eilân Flylân sil mei yngong fan 1 jannewaris útfierd wurde troch Taxicentrale Renesse. Dit Sieuske bedriuw hie in better bod as Arriva, dat it ferfier op de oare trije Fryske waadeilannen docht.
Taxicentrale Renesse spilet better yn op de ekstra winsken dy't de brûkers en oerheid op tafel lein hiene. De kar is basearre op ûndersyk fan klantepanels.