Bongerd wer doelwyt fan fandalen

© Omrop Fryslân
Op it terrein De Bongerd fan Steatsboskbehear yn Appelskea is op 'e nij guod fernield. Ruten fan it toiletgebou binne ynsmiten en der is in kraan fan de bûtenmuorre sloopt.
Fan it simmer binne der ek al in pear kear saken fernield. Nettsjinsteande it ekstra tafersjoch fan de plysje is it no wer misgien. De dieders binne nei alle gedachten jongeren.