'Terherne is ûnfeilich'

© Omrop Fryslân
Terherne is der net feiliger op wurden nei de doarpsfernijing. Dat sizze de bewenners fan de Buorren en de Gravinnewei. Se fiere sneon aksje tsjin automobilisten dy't te hurd ride.
Se blokkearje de wei om de oandacht fan de gemeente foar har probleem te krijen. Earder wienen der ferkearsremjende maatregels en dy binne nei de fernijing net weromkaam.