Trance Energy no al útferkocht

© Omrop Fryslân
It grutste dance-evenemint fan it Noarden, Trance Energy, is fjouwer wike foar dato no al útferkocht. Alle 20.000 kaartsjes binne fuort. It is foar de twadde kear dat it festival yn Thialf wurdt.
Besikers dy't achter it net fiskje, kinne op 24 novimber telâne yn Grins. Deselde organisaasje hâldt dan yn 'e Martinihal it Massive-dance-event.