Fryske strjitnammen yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De strjitten yn de lêste fase fan de Ljouwerter wyk Suderbuorren krije Fryske nammen. It giet om nammen út it gebiet fan de Iselmar en it Waad, sa as Frouwesân, Skûtesân en Moleplaat.
It plein tsjinoer stêdsskouboarch De Harmonie krijt as offisjele namme it Mata Hari-plein. Fierder wurdt in dyk by it MCL yn Ljouwert De Drie Dukatons neamd. Dat hat it kolleezje besletten.