Opfang Weaze bliuwt langer ticht

26 sep 2001 - 00:00

De drugsopfang op 'e Weaze yn Ljouwert bliuwt langer ticht as earst it doel wie. Ferline wike gie it gebou op slot fanwege oerlêst. De sluting soe foar in wike wêze, mar dat is net lang genôch.

It personiel kriget no in assertiviteitstraining en der komt in paskeregeling. De tydlike sluting hat by de plysje net ta folle mear klachten as oars laat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)