Kompjûterfirus leit GCO plat

26 sep 2001 - 00:00

Underwiissintrum GCO yn Ljouwert is troffen troch it kompjûterfirus Nimda. Freedtemiddei waard it aktyf doe't in meiwurker in mail iepene. Dêrnei wie it kompjûtersysteem yn 'e hobbel.

It personiel moast mei de hannen oerinoar sitte om't kompjûters neisjoen waarden. De strop wurdt rûsd op in ton. It GCO hat maatregels nommen om soks tenei foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)