Bitekampanje tiisdei begûn
Nettsjinsteande it wiete waar fan de ôfrûne dagen is tiisdei dochs de bitekampanje begûn. Ferline wike wie it ûnwis oft de kampanje begjinne koe.
No is it net wis oft it ferwurkjen fan de sûkerbiten foar de Krystdagen dien is. Mocht dat mear tiid kostje, hâldt dat yn dat de kosten heger binne en de fertsjinsten foar de boeren leger.