Krapte yn biblioteken

25 sep 2001 - 00:00

Biblioteken komme yn de knipe troch de nije foarstellen foar ARBO-regels foar lêssealen. Sa soenen de ûnderste en boppeste boekeplanken fuorthelle wurde moatten.

Biblioteekmeiwurkers ha klachten om't se faak troch de knibbels of op de teannen stean moatte. As der yn de kasten minder romte is, moatte der mear kasten komme om de boeken kwyt te kinnen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)